Jillert Anema lilk op KNSB

12 nov 2012 - 12:56
  •  Reedrydcoach Jillert Anema

Reedrydcoach Jillert Anema fan de BAM-ploech is lilk op 'e KNSB. It reedrydbûn soe net genôch dien hawwe om Thialf ôfrûne wykein fol te krijen. Benammen by de 5 kilometer op freed en de 10 kilometer op snein wiene de tribunes fierhinne leech.

Ofrûne freed, sneon en snein wie yn Thialf it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen. Anema wûn dêr ûnder oare snein goud op de 10 kilometer mei Jorrit Bergsma. It measte publyk wie doe al nei hûs ta.

In wurdfierder fan 'e KNSB lit witte dat it reedrydbûn mei goed 15.000 besikers tefreden is oer it toernoai. De krityk fan Anema sille se meinimme yn de tariedings op it kommend EK allround. Mooglik wurde de tiden fan de televyzje-útstjoerings ferskood om sa mear publyk nei Thialf te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)