Jildynsammelingsaksje foar Kenia

23 jun 2006 - 10:54

Learlingen fan it Drachtster Lyceum sille takom wike tongersdei in jildynsammelingsaksje hâlde foar bern yn Kenia. Op ferskate wizen besykje de bern jild op te heljen foar it projekt Going Global fan de stifting Edukans.

Dizze stifting jout kânsearme bern yn Kenia de mooglikheid om nei skoalle te gean. Oant no ta is der 6000 euro ophelle. It doel is om yn totaal 13.000 euro op te heljen foar it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)