Jildsoargen foar Philadelphia

08 okt 2008 - 21:42

Stichting Philadelphia Zorg hat in tekoart fan 9 miljoen euro. Dêrom hat de soarchynstelling foar minsken mei in ferstânlike beheining in fakatuerestop ynsteld. Yn Fryslân sit de soarchynstelling yn Aldeboarn, Boalsert, Burgum, Snits en Toppenhuzen.

Oft de finansjele problemen ek gefolgen ha foar it fêste personiel is noch net dúdlik. By Philadelphia wurkje 9500 minsken ferdield oer ferskate lokaasjes yn it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)