Jildproblemen: Lytse Marren Projekt stiet faai

27 nov 2015 - 12:18
  • Harold Visser en Jo Hamburg by de grûn foar it Lytse Marren Projekt

It liket derop dat der in streek kin troch de plannen foar it Lytse Marren Projekt, in rekreasje en natuerplan oan de eastkant fan Boalsert. De bedoeling is om dêr op in stik grûn fan 20 bunder oan de Sneker trekfeart in natuergebiet oan te lizzen mei in swimplak, skeeler- en kuierpaadsjes, fisksteigers en romte foar reedriden.

Foaral de Boalserter jeugd soe dêr fan profitearje moatte. It plan, dat betocht is troch de no 81-jierrige Jo Hamburg, bestiet al sa'n 20 jier, mar der binne problemen mei de finansiering.

Dêrtroch is it plan noch net fierder kaam as de tekentafel. De gemeente Súdwest-Fryslân wol de grûn no ferkeapje om jild frij te meitsjen. De inisjatyfnimmers hoopje dat de gemeenterie de ferkeapplannen noch keare kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)