Jildproblemen foar Lemsterlân

02 okt 2009 - 12:39

De gemeente Lemsterlân hat gjin jild foar in tal ynvestearrings dy't al yn de planning stiene. De nijbou fan iepenbiere skoalle De Meerpaal en dy fan de brânwachtkazerne fan De Lemmer geane dêrom foarearst net troch.

Ek de útwreiding fan de loads Pasveer wurdt útsteld. Dat docht bliken út de begrutting foar takom jier en de finansjele planning foar de jierren dêrnei. De jildproblemen binne it gefolch fan de krisis. Troch de resesje moat it Ryk besunigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)