Jildpriis foar Biblioteekservice Fryslân

19 nov 2014 - 14:04

Frysklab fan de Biblioteekservice Fryslân hat de Victorine van Schaick-priis wûn. Dy priis giet nei in persoan of ynstelling dy't wat bysûnders dien hat om it ynformaasjefak te fernijen. Frysklab sit yn in âlde bibliobus en siket oplossings foar in oantal provinsjale útdagings lykas it ûntwikkeljen en behâlden fan talint, it kreëarjen fan ûntwikkelingskânsen foar bern en jongeren en it op gong helpen fan de banemotor yn Fryslân. Se dogge dit mei in spesjaal lespakket. De priis bestiet út in bedrach fan 1500 euro en in spesjale penning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)