Jildpotsje foar it opromjen fan drugsôffal

29 jan 2016 - 14:27
  • Himpôffal yn natuergebiet De Deelen

Provinsjes hawwe tenei in potsje dêr't lâneigeners, terreinbehearders en gemeenten kosten foar it opromjen fan drugsôffal mei betelje kinne. It komt de lêste jierren hieltyd faker foar dat drugsôffal dumpt wurdt. De eigener fan de grûn draait foar de kosten fan it opromjen fan it gefaarlike gemyske ôffal op.

Provinsjes en it Ryk hawwe dêrom no in nije subsydzjeregeling yn it libben roppen. Der is lanlik ien miljoen euro beskikber. Om yn oanmerking te kommen foar de subsydzje, moat der wol oanjefte dien wurde by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)