Jildpine by hynstesintrum

14 feb 2003 - 00:00

It Frysk hynstesintrum yn Drachten sit yn swier waar. Goed twa jier nei de iepening is der 1,2 miljoen euro nedich foar in trochstart. It tekoart is oprûn nei sa'n fjouwerhûnderttûzen euro.

De problemen soene komme troch te min startkapitaal en min finansjeel belied. De leden fan it Friesch Paarden Stamboek sil om ekstra jild frege wurde. Fierders krije twa wurknimmers dien en krije fiif oaren gjin nij kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)