Jildpine foar wenwinkel Makkum

14 aug 2012 - 18:39
  • It gebou fan de wenwinkel stiet te keap of te hier
  • It ynterieur fan Rinkelwinkel

De middenstân yn Fryslân, en seker de wenwinkels, hawwe bot lest fan de krisis. Minsken ferhúzje minder faak en keapje ek folle minder meubels. Ien fan 'e saken dy't hjir lest fan hat is de Rinkelwinkel yn Makkum. De omset fan de lifestylesaak is mei de helte omleech gien.

De Rinkelwinkel hâldt dêrom op dit stuit opheffingsútferkeap. Undernimmer Gerlof van der Heide wol graach op lytsere foet fierder mei syn saak. Hy moat dêrfoar syn gebou ferkeapje of foar in part ferhiere, mar in keaper of hierder hat him oant no ta noch net melden.

Van der Heide wit dêrom net hoe't it komt mei syn saak. As er gjin keaper of hierder fynt makket er fan it gebou tydlik in winkel foar syn webshop 'Nopdesign'. It hat net syn foarkar, mar in meagere omset is altyd better as leechstân, sa seit er. Van der Heide is fierder fan betinken dat banken wol wat soepeler wêze kinne as it giet om de help oan middenstanners mei jildpine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)