Jildkompas Ljouwert lansearre

01 mrt 2010 - 15:19
  • It nagelnije jildkompas fan 'e gemeente Ljouwert

Ljouwerters dy't it dreech hawwe om rûn te kommen kinne tenei tips en ynformaasje krije op it jildkompas. Op dizze website steane tips foar it oanfreegjen fan finansjele stipe, om it finen fan in baan of tips oer goedkeap ite en sporte.

Ljouwert is de twadde gemeente yn Nederlân mei in jildkompas. Enschede hat sûnt in jier sa'n webside en dêr foldocht it goed. Mei it jildkompas kin ek makliker it paad fûn wurde nei de ynstânsjes dy't helpe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)