Jildhûn fynt 80.000 euro

19 aug 2013 - 15:11
  • Oanhâlden

De 47-jierrige man út Langedike dy't ferline wike oanhâlden waard foar drugsbesit, it yllegaal ôftaapjen fan stroom en it wytwaskjen fan jild, bliuwt noch twa wiken langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris moandei besletten. De man hie 25 kilo himptoppen yn hûs. Ek binne auto's, motors en 80.000 euro oan jild yn beslach naam. De plysje fûn de kontanten tanksij de assistinsje fan in jildhûn.

Tsien oare minsken dy't oanhâlden wiene, binne yntusken wer frijlitten. It ûndersyk yn de saak rint noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)