Jildaksjes foar Cambuur

15 nov 2005 - 00:00

UNO-bedriuwsadviseurs út Súdlaren sil fuotbalklub Cambuur Ljouwert finansjeel trochljochtsje. It bedriuw hat ûnderfining mei fuotbalklubs yn finansjele problemen. It is Cambuur oanred troch de KNVB. Dizze wike begjinne trije aksjes om jild binnen te heljen foar de fuotbalklub yn need.

Supporters binne moandei begûn mei in belronde. Woansdei sitte de sponsors by de tillefoan om bedriuwen oan te trunen om jild te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)