Jildaksje Haïty provinsjehûs

19 jan 2010 - 15:29

De provinsje hâldt de kommende dagen in jildynsammelsaksje foar de slachtoffers fan de ierdbeving yn Haïty. Woansdei en tongersdei sil der in kollektebus by de resepsje fan it provinsjehûs stean. Sawol amtners as besikers fan it provinsjehûs oan de Snekertrekweg yn Ljouwert kinne dêr jild yn smite.

It kolleezje fan DS ferdûbelet nei tongersdei it donaasjebedrach. De provinsje sil dêrnei it folsleine bedrach oermeitsje op giro 555.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)