Jildaksje foar Klaas Jan Bolt

07 jul 2008 - 16:47

Der is in ynsammelaksje út_ein_set om de advokaat fan de Harnzer sjauffeur Klaas_Jan_Bolt te beteljen. Bolt waard yn maaie troch justysje yn it Frânske Bordeaux ta fiif jier selstraf feroardiele foar drugssmokkel.

Fan de nedige 15.000 euro is noch mar de helte ophelle. Der is mear jild nedich om it fersyk foar foarriedige ynfrijheidsstelling te dwaan, want ek dat moat dien wurde troch in offisjele Frânske advokaat. De aksje wurdt dien troch de organisaasje Transport_Online.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)