Jildaksje foar famylje asylsiker

10 aug 2004 - 10:31

In ynwenner fan Appelskea is begûn mei in aksje om jild yn te sammeljen foar de neibesteanden fan de 16-jierrige Mano út Angola. De jonge ferdronk in wike lyn yn de Aekingermar by Appelskea en wenne mei syn mem en in pear oare bern yn it azc.

Inisjatyfnimmer Paul Blok út Appelskea is skokt troch wat bard is en wol it gesin graach helpe. Jeften kinne oermakke wurde op nûmer 32.20.43.859 op namme fan Paul Blok û.f.f. 'gift Mano'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)