Jildaksje fan Cambuur

12 nov 2005 - 00:00

Cambuur is sneon út ein set mei in jildaksje om de penibele finansjele situaasje oan te pakken. De club sit yn swier waar en hat 6 ton nedich om it seizoen ôf te meitsjen.

Sponsoaren, supporters en frijwilligers hawwe de aksje mei-inoar op tou set. Bedriuwen kinne foar tûzen euro sponsor wurde. Se hawwe dan ek kâns op shirtsponsoring. Der wurdt in spesjale konstruksje betocht sadat it jild ûnôfhinklik beheard wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)