Jild yn nijbou swimbad B'post

18 maaie 2013 - 11:24
  • Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost

De PvdA yn Achtkarspelen wol twa miljoen euro ynsette foar nijbou fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. Ek moatte keunstgersfjilden op De Harkema en yn Bûtenpost oanlein wurde. It jild is oerhâlden fan ferline jier. De PvdA tinkt dat mei dit startbedrach de beslútfoarming flugger kin. De partij wol graach in sporthal en swimbad ûnder ien dak hawwe. It keunstgersfjild op De Harkema is in winsk dy't der al lang leit en in keunstgersfjild yn Bûtenpost is winsklik, om't op it fjild faak net te spyljen is yn ferbân mei it waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)