Jild werom nei stroomsteuring

16 maaie 2006 - 17:32

Guon ynwenners fan Aldegea (Sm.) krije 35 euro werom fan enerzjybedriuw NUON fanwege in stroomsteuring. Flak nei middernacht foel tiisdei yn Aldegea en yn Drachten de elektrisiteit út. It duorre langer as fjouwer oeren foardat elkenien wer stroom hie.

De oarsaak fan de steuring is NUON noch net dúdlik. Minsken dy't jild weromkrije, hoege neat te dwaan. NUON regelt dat, mar it kin wol in pear moanne duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)