'Jild Waadfûns foar glêstúnbou'

20 maaie 2006 - 09:11

Jild út it Waadfûns moat brûkt wurde foar fernijings yn de glêstúnbou. Dat seit Ate Oostra, direkteur fan it ministearje fan Lânbou. De enerzjy- kosten binne sa heech dat glêstúnkers oergean moatte op duorsume enerzjy.

In tal túnkers besiket dit al. Mar troch de hege kosten is der stipe út Den Haach nedich. In delegaasje hege amtners en politisy út Den Haach en Fryslân brochten freed in besite oan it bedriuw Groene Tuinen yn Berltsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)