Jild út wyn foar doarpen

03 okt 2011 - 21:44

It wynpark A7 helpt Wytmarsum. In lyts part fan de opbringst fan de wynmûnen dy't oan de sneldyk A7 stean, sil ynvestearre wurde yn dat doarp. It giet om 2000 euro.

De doarpen Koarnwert, Wûns, Surch, Skraard en Penjum krije al in skotfke jild fan it wynpark. Dat kin brûkt wurde foar projekten yn of foar it doarp. Yn Penjum wurdt de nijbou fan de skoalle mei betelle. It gebou krijt sinnepanielen en in waarmtepomp en is dêrmei tige duorsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)