Jild stekke yn enerzjysektor

02 mrt 2012 - 12:42
  • Diederik Samsom (PvdA)

It kabinet moat ynvestearje yn de enerzjysektor yn Noard-Nederlân. Dat smyt samar 10.000 ekstra banen op. Dat stelt PvdA-Twadde Keamerlid en kandidaat-partijlieder Diederik Samsom. Dizze dagen is er op kampanje yn it Noarden.

Samsom hat in plan útwurke dy't de ekonomy yn Noard-Nederlân in grutte ympuls jaan moat. It giet ûnder oare om ynvestearrings yn wynmûnen op see en yn biogas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)