Jild sammele foar Sionsberg

01 mrt 2004 - 00:00

Yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is moandei in jildtermometer ûntbleate. Dêrop is te sjen hoefolle jild der al binnen helle is foar de oanskaf fan in MRI-skan, in apparaat dat harsen- en spierweefsel yn kaart bringt.

Oant no ta is der al 225.000 euro ophelle by de Dokkumer bedriuwen en befolking. Der is noch sa'n trije ton nedich. It sikehûs wol graach in MRI-skan derby om de wachtlisten oan te pakken, mar hat sels gjin jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)