Jild regiodoku's en drama

22 maaie 2007 - 14:12
  • Peter Tuinman op de set fan Dankert & Dankert

It ryk stelt ekstra jild beskikber foar regionale dokumintêres en regiodrama. Dat hat minister Plasterk fan Kultuer tiisdei bekendmakke. It giet om in bedrach fan meiinoar 500.000 euro. Dat wurdt takom jier ynset yn it Stimulearringsfûns Kulturele Omropproduksjes, it Stifo.

Dokumintêres en dramaproduksjes wurde ûnder oare makke yn Fryslân en Twente. De regiosoaps binne súksesfol yn beide gebieten, sa hat bliken dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)