Jild op strjitte yn Akkrum

02 jan 2007 - 16:32

De ynhâld fan in jildkontainer fan jildtransportbedriuw Brinks út Houten is tiisdei op strjitte terjochte kaam yn Akkrum. De kontainer mei muntjild foel om doe't de frachtauto dêr't er yn siet foar de Rabobank yn Akkrum stie. Tûzenen munten bedarren op de laadklep fan de auto en op strjitte.

De sjauffeur en syn byrider hawwe it jild byinoar fage en mei help fan in amer yn in oare kontainer laden. Hoe't de kontainer omfalle koe, is net bekend

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)