Jild is op, mûnen net opknapt

13 jul 2009 - 13:57
  • De mûne fan Eanjum

De mûnen yn Dokkum en Eanjum wurde mooglik net opknapt. De stichting Monumintebehâld Dongeradiel krijt gjin subsydzje fan 'e provinsje. Der wie rekkene op in bedrach fan 55.000 euro, mar de pot is leech. Earder hie it Ryk in bedrach fan 270.000 euro tasein foar de mûnen. De provinsje jout ta dat it jild op is. Fan 'e 75 projekten krije mar 27 subsyzje. Ferantwurdlik deputearre Jannewietske de Vries is op fakânsje en kin gjin kommentaar jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)