"Jild nedich om wurkdruk op basisskoallen te ferleegjen"

11 jan 2016 - 19:33

De wurkdruk op basisskoallen is ek yn Fryslân fierste grut en de oplossing dêrfoar is mear jild beskikber stelle. Dat seit Albert Helder, foarsitter fan it Bovenschools Directieoverleg Fryslân.

Mear as de helte fan de ûnderwizers op de basisskoallen fynt de wurkdruk ûnakseptabel. Dat blykt út in ûndersyk fan it programma Monitor fan de KRO. Dy groep wurdt hieltyd grutter. Fryske skoallen besykje sa goed mooglik mei de druk om te gean.

Hiel hurd wurkje

Ut in ûndersyk út 2014 fan it Protestantsk Kristlik Basisûnderwiis Tytserksteradiel nei twa Fryske skoallen, die bliken dat se ek dêr bot lêst hawwe fan de druk, mar dat der noch wol te snijen falt yn de tiid dy't oan administraasje bestege waard. Helder: "De wurkdruk is in bekend fenomeen. De ûnderwizers sjogge sels de wurkdruk ek omheechgean. Se moatte gewoan hiel hurd wurkje". 

Krityske âlden

In faktor dy't de hege wurkdruk yn 'e hân wurke hat, is de krityske hâlding fan âlden en bern. Troch de technology fan tsjintwurdich wurdt fuortendaliks in antwurd ferwachte op mailtsjes en ferrint de moeting tusken ûnderwizer en âlden yn in folle heger tempo as eartiids. Geduld is der net mear.

"Lit ûnnedige administraasje mar sitte"

Fierders is der lykas bekend de grutte mannichte administraasje dy't frege wurdt fan ûnderwizers. "Yn it programma Monitor sei steatssekretaris Sander Dekker snein dat dosinten ûnnedige administraasje gewoan sitte litte moatte. As se dêrtroch problemen krije mei de direksje, dat se dan op stipe fan it ministearje rekkenje kinne."

"Wat is ûnnedich?"

Dêr kin Helder neat mei. "Wat is ûnnedich dan? En tagelyk wurdt der wol sein dat se echt ferantwurding ôflizze moatte." De oplossing leit neffens Helder noch hieltyd yn ekstra jild, sadat se rommer yn minskkrêft en mooglikheden komme te sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)