Jild nedich? Help gemeente Smellingerlân mei himmeljen

23 feb 2016 - 22:04

Ferieningen, skoallen en tsjerken yn Smellingerlân dy't om jild ferlegen sitte, kinne oan de slach by de gemeente. Sa kinne se de konteners ûnder de grûn yn it sintrum skjinmeitsje of mei Peaske it swalkôffal oprêde. Of se meitsje it festivalterein fan Simmerdeis skjin yn juny.

Foar elk fan dizze aktiviteiten kinne de ferieningen 500 euro barre. Ek kinne se it gebiet rûn it eigen gebou adoptearje en sels skjinmeitsje. Ek dêrfoar kinne se dan in fergoeding krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)