Jild nedich foar tinkstien

27 maaie 2004 - 00:00

Der moat in algemien monumint komme op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert. It giet om in tinkstien foar poppen dy't mar hiel koart libbe ha of ùnder de swangerskip al ferstoarn binne. Se wurde begroeven sûnder in stien op it grêf.

Arsjitekt Francesco Veenstra hat in ûntwerp makke, dat 65.000 euro kostet. De stichting freget in finansjele stipe fan âlden fan ferstoarne bern. Ek wurde bedriuwen en fûnsen om jild frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)