Jild nedich foar follybalsters om Europa yn te kinnen

27 apr 2015 - 12:26
  • De follybalsters fan Snits

De follybalklup fan Snits siket 50.000 euro. Dat jild is nedich om it earste frouljusteam Europa yn te stjoeren. Dy froulju waarden sneon kampioen fan Nederlân. Dêrtroch mei de klup it team ynskriuwe foar in Europeesk toernoai, mar dêr is dus jild foar nedich. De klup sil besteande en nije sponsoaren freegje om dit jild op it kleed te krijen.

Oan it belied fan VC Snits feroaret neat, as it giet om it beteljen fan de spylsters. De spylsters krigen net betelle foar harren prestaasjes en krije dat yn de takomst ek net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)