Jild nedich foar far-promoasje

24 feb 2006 - 09:50

Der is noch net genôch jild foar in grutte kampanje om it farren yn Fryslân te promoaten yn Dútslân en de rest fan Nederlân. It gearwurkingsferbân fan wettersportbedriuwen 'Promotie Varen in Friesland' wol foar 1 maart genôch kollega's sa fier krije dat se mei elkoar 100 tûzen euro tasizze.

De provinsje soe nei ferwachting dat bedrach oanfulle oan't ien miljoen euro. De ûndernimmers wurde mei in mail oproppen foaral mei te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)