Jild nedich foar Dijkstra

09 mrt 2001 - 00:00

In stichting is oprjochte om jild yn te sammeljen foar Marten Dijkstra út Frjentsjer. Tweintich jier lyn krige de frachtweinsjauffeur in whiplash. Hy hat doe gewoan trochwurke en is no heallam.

Dijkstra kin yn Nederlân net holpen wurde. Foar in laserbehanneling yn Amearika sil de stichting jild by elkoar bringe. It banknûmer is: 298997851, St. Bonati, ûnder fermelding fan Marten Dijkstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)