Jild nedich foar Boerestreek

20 feb 2011 - 10:17

Boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf wolle fan de gemeenterie hast seis ton om begjinne te kinnen mei de werynrjochting fan de Boerestreek yn Appelskea. De Boerestreek wurdt opnij ynrjochte yn de hoop dat der mear toeristen komme. Dêrby krijt ek it besikerssintrum fan it Drints-Fryske Wold der in plakje.

De seis ton is ûnder oare bedoeld foar in nij bestimmingsplan. De gemeenterie nimt op 1 maart in beslút oer it bedrach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)