Jild NAM foar Wierumer aak

06 jul 2007 - 13:58

It wurkgelegenheidsprojekt de Wierumer Aak hat in skinking fan 86.000 euro krigen fan de Noordelijke Aardolie Maatskippij, de NAM. By Moddergat wurdt wurke oan de replika fan in âlde fiskersboat. Wurkleazen helpe mei de bou.

It jild fan de NAM wurdt brûkt foar de eksploitaasje fan it skip, dat at it klear is, brûkt wurdt foar rûnfearten op de Waadsee en de Lauwersmar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)