Jild maisdoalhôf nei De Sweach

23 jul 2012 - 09:39
  • It maisdoalhôf by Wytmarsum giet woansdei iepen

De organisaasje achter it maisdoalhôf yn Wytmarsum besiket dit jier jild byelkoar te krijen foar de Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach. Dat is in fakânsjeplak foar bern en jongeren mei in handikap dat sûnt 2010 bestiet. Ferline jier gie de yntree ek al nei de hoeve, dêrfoar waarden oare goeie doelen sponsore.

It maisdoalhôf yn Wytmarsum giet kommende woansdei iepen en bliuwt dat oant ein septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)