Jild kwyt by ynternetbankieren

15 mrt 2012 - 10:14
  • jild

Twa ynwenners fan Dokkum en De Lemmer hawwe by de plysje oanjefte dien fan oplichting en ynternetfraude. Beide minsken krigen by it ynternetbankieren in foutmelding en de fraach om har ynlochkoades wer yn te fieren. Neidat se dat dien hiene, waarden tûzenen euro's fan harren rekken oerboekt nei in bûtenlânske rekken.

De lêste tiid fraude mei ynternetbankieren wol faker foar. Der wurdt warskôge om te ynlochkoades gjin twadde kear yn te fieren of oare gegevens troch te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)