Jild kennissintrum Akademy

24 apr 2008 - 19:19

It Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy krijt 50.000 euro fan de gemeente Ljouwert. It jild is bedoeld om Mercator fierder te ûntwikkeljen ta in Europeesk Agintskip foar meartaligens.

It sintrum krijt it jild yn it ramt fan ôfspraken dy't deroer makke binne mei de gemeente en de provinsje. It kin Mercator ek helpe om belangrike Europeeske subsydzjes binnen te heljen om in noch sterker meartaligensynstitút te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)