Jild keatsfjild hast binnen

02 aug 2013 - 17:25
  • Hjir komt it keatsfjild

It jildbedrach dat nedich is om in keatsfjild oan te lizzen op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is hast binnen. Dat seit foarsitter Robert Roosjen fan de Ljouwerter keatsklup Sonnenborgh. Dizze keatsferiening organisearret dit jier foar de 100e kear de keatswedstryd De Oldehovedei. Fanwege dit jubileum wolle se de wedstryd foar ien kear ek echt by de Aldehou spylje.

It oanlizzen fan it keatsjild kostet hast fyftichtûzen euro. Dat bedrach is al hast hielendal binnen. De lêste trijetûzen euro wol de feriening fia crowdfunding binnen helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)