Jild jeugdsportfûns op

07 okt 2011 - 12:33

It Fryske jeugdsportfûns kin de oanfragen net mear oan. Minsken dy't net in soad jild ha kinne in berop dwaan op it jeugdsportfûns. Dêr wurdt dan de kontribúsje út betelle. Foarich jier makken 163 minsken dêr gebrûk fan. Dit jier binne dat oant no ta al 421 kear. It jild is op, dus minsken kinne dit jier gjin berop mear dwaan op it fûns.

Ut lanlik ûndersyk docht bliken dat in soad minsken har sportkontribúsje net mear betelje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)