Jild jeugdhelp net op aginda

22 okt 2014 - 11:30

It CDA-útstel yn Provinsjale Steaten om 2,5 miljoen euro út te lûken foar jongeren dy't jeugdhelp nedich ha, is fan de aginda helle troch de oare partijen. Allinne de ChristenUnie stipe it útstel fan it CDA om it ûnderwerp as ekstra agindapunt oan de gearkomste fan woansdei ta te heakjen.

Steatelid Fenny Reitsma fan it CDA is dêr teloarsteld oer. Sy fynt dat jeugdhelp foar jongeren jild nedich hat. No't dat net bart, driigje jongeren tusken wâl en skip te fallen. It is no wachtsjen op knyppunten yn de jeugdhelp, seit se.

De ôfrûne jierren hat de povinsje sa'n 4,5 miljoen euro ynvestearre yn de jeugdsoarch en jeugdhelpferliening. Dat bedrach komt boppe op de normale Ryksútkearing. Troch it ekstra jild binne de wachtlisten bot lytser wurden. Dy listen driigje no wer langer te wurden, stelt it CDA.

De Steatefraksje fan de PvdA neamde it fersyk fan it CDA oerstallich om't der wol jild foar op de begrutting stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)