'Jild greidefûgel nei boer'

29 okt 2007 - 13:49
  • Joop Atsma

Fryske natuerorganisaasjes hoege net te rekkenjen op de ekstra stipe foar de greidefûgelbeskerming. Der wie twa miljoen euro frege. CDA-keamerlid Atsma wol dat dat jild nei de boeren giet en net nei grutte organisaasjes. Boeren kinne mei it jild sels oan agrarysk natuerbehear dwaan.

Atsma sei dat moandei op in gearkomste fan de Agraryske Natuerferiening Boer en Natuer op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)