Jild gemeente foar bern

23 jul 2009 - 16:58

Bern yn Weststellingwerf kinne 120 euro fan de gemeente krije. Mei dat jild kinne se lid wurde fan in sportklub of meidwaan oan kulturele aktiviteiten. Weststellingwef fynt dat bern gelikense kânsen krije moatte om harren talinten te ûntjaan, en dat dat net fan it ynkommen fan har heit en mem ôfhingje moat.

Elkenien kin it jild oanfreegje foar syn of har bern, mar it hinget wol ôf fan it ynkommen fan de âlders. Dat moat net te heech wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)