Jild frege foar plannen Dokkum

20 feb 2013 - 10:10
  • Plaknammeboerd Dokkum

Dongeradiel hat subsydzje oanfrege foar it projekt Súd Ie en Wetterfront Dokkum. Earst soe de gemeente de oanfraach foarich jier yntsjinje, mar neffens de gemeente moast in tal oanpassings dien wurde om mear kâns te meitsjen. De NAM wol net meibetelje oan de plannen, wylst dêr wol op rekkene wie. No wurdt in berop dien op it Waadfûns. It giet om plannen fan goed 35 miljoen. De farrûte tusken Dokkum en de Lauwersmar moat wer befarber makke wurde. Ek wurdt ynvestearre yn natuer- en fiskgebieten en yn wettersportstêd Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)