Jild freegje fan ballonfarders

21 nov 2002 - 00:00

Boeren moatte in fergoeding fan fyftich euro freegje as in loftballon yn har lân komt. Dat advisearret de LTO. De lân- en túnbou organisaasje hat oerlis hân mei de loftballonfarders oer in gedrachskoade. Dat hat neat opsmiten.

Troch it lânjen kinne gewaaks en fee skea oprinne. Der is in regeling foar, mar de LTO jout de boeren it advys om jild te freegjen foar de fierdere ôfhanneling. No krije se faak in aardichheidsje foar de oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)