Jild foar wurkleaze 55-plusser

21 okt 2014 - 22:39
  • Ljouwert gemeente

De gemeente Ljouwert stekt de kommende twa jier hûnderttûzenen euro's yn de oanpak fan wurkleazens ûnder 55-plussers. Dat jild moat ûnder oaren bestege wurde oan opliedingstrajekten en staazjes. Neffens wethâlder Ekhart fan Ljouwert is it ekstra jild foar dizze groep hurd nedich.

De ôfrûne jierren hat der benammen in soad omtinken west foar wurkleazens ûnder jongeren, wylst it foar de 55-plussers faak noch dreger is om oan wurk te kommen.

It jild foar de 55-plussers makket ûnderdiel út fan in folle bredere oanpak fan de wurkleazens yn Ljouwert, mei help fan jild út Europa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)