Jild foar wurk fan Waadakademy

02 jul 2014 - 16:55
  • De Waadsee

It Waadfûns stekt opnij jild yn de Waadakademy, it giet om 1,6 miljoen euro foar de perioade oant ein 2015. Dan wurdt der in beslút nommen oer in ferfolchsubsydzje. Mei de subsydzje kin de akademy fierder mei har wurk yn it Waadgebiet.

De bedoeling is om in nul-mjitting te dwaan, sadat better folge wurde kin hoe't it gebiet him ûntwikkelet mei de ynvestearring fan it Waadfûns. Op dy manier slút it wurk fan de Waadakademy better oan by de aginda fan it Waadfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)