Jild foar wenningbou Ljouwert

12 aug 2009 - 20:14

Ljouwert krijt hast 700.000 euro fan minister Van der Laan foar fiif wenningbouprojekten. De bydrage foar yn totaal 104 wenningen is bedoeld om de bou en dêrmei de wurkgelegenheid te stimulearjen.

It giet om de bou fan tolve wenningen yn Bilgaard, fjirtich apparteminten op it Saailân en 52 wenningen yn buertskip Techum. Earder krige Ljouwert ek al jild út Den Haach foar it pakhûs Hartelust.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)