Jild foar WaterCampus Program

17 jun 2014 - 20:19
  • Laboratoarium Wetsus

De provinsje Fryslân stekt 237-tûzen euro yn it WaterCampus Talent Program. Dit is in ûnderwiisprogramma om bern te ynteressearjen foar in karriêre op it mêd fan wettertechnology. Wetterynstitút Wetsus wurket hjiryn gear mei acht Fryske bedriuwen en organisaasjes.

Bern fan it basisûnderwiis krije bygelyks in lesprogramma fan trije dagen mei in besite oan in bedriuw. Foar learlingen fan it foarset ûnderwiis is der de mooglikheid om in jier lang ûndersyk te dwaan.

Neffens deputearre Tineke Schokker is der in tekoart oan goed technysk personiel. Yn 2020 biedt de sektor wurk oan twatûzen heger oplieden. No binne dat der noch 300.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)