Jild foar Voedselbank Opsterlân

01 nov 2005 - 14:04

De nije 'Voedselbank' yn Opsterlân krijt in bijdrage fan 2000 euro fan de gemeente Opsterlân. Dat bedrach wie troch de byhearrende stifting ek frege.

De Voedselbank is yn maaie offisjeel oprjochte. Doel is dat minsken mei in minimumútkearing pakketten krije kinne mei libbensmiddelen. Under oare eigners fan grientetúntsjes yn Beetstersweach hawwe oanjûn dat se alle griente dy't se oer hawwe, wol oan de stifting jaan wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)