Jild foar ûntwikkeling fan duorsume skippen

11 mrt 2015 - 15:01
  • Skipsbou

Twa bedriuwen krije in liening fan goed 170.000 euro fan de provinsje foar de ûntwikkeling fan twa nije soarten skippen. It giet om skipsynstallaaasjebedriuw Fri-Tec út Frjentsjer en technysk advysburo W. Das Consultancy út Himmelum.

De skippen dy't se ûntworpen ha, binne enerzjysunich, rap en duorsum. De bou derfan smyt 34 banen op. De liening komt út it ynvestearringsprogramma Wurkje foar Fryslân, dêr't de provinsje de Fryske ekonomy mei stimulearje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)