Jild foar ûnderwiisefterstannen

07 jul 2004 - 22:17

Minister Van der Hoeven fan Underwiis wol jild jaan om efterstannen fan Fryske skoalbern oan te pakken. Oant no ta gie it measte jild nei swarte skoallen yn de rânestêd. De minister wol tenei by de subsydzjetakenning mear sjen nei it opliedingnivo fan de âlden, yn stee fan nei de etnyske eftergrûn.

Foar Fryslân pakt dat geunstich út. Underwiisbegeliedingstsjinst GCO is dan ek bliid mei it nije plan, dat ek noch tsientallen banen opsmite sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)